gratis tomkeboekje

Gepubliceerd op: 5 juni 2018 12:25

tomke boekje

Vanaf de start van de Fryske Fertelwike, vanaf 4 juni, is het boekje ‘Tomke en syn freontsjes’ gratis af te halen bij onze vestigingen. Zolang de voorraad strekt.

Fanôf de start fan de Fryske Fertelwike, fan 4 juny ôf, is it boekje 'Tomke en syn freontsjes’ fergees op te heljen by ús bibleteken. Salang as der foarrie is.

Yn dit boekje stiet wer in ferskaat oan ferhaaltsjes wêryn Tomke en syn freontsjes fanalles belibje. Sa naaie Tomke en Romke der tusken út op it jierdeifeest fan buorman Piter, pakke Tomke en Yana Yu kadootsjes yn en sille se sels trouwe. Ek binne der dit jier wer in pear oare ferhaaltsjes oer freonskip opnommen. By de ferhaaltsjes is mei stjerkes oanjûn hoe maklik oft it ferhaaltsje is. Ien stjerke foar in ienfâldich ferhaaltsje, twa stjerkes foar in gemiddeld ferhaaltsje en trije stjerkes foar in dreger ferhaaltsje. Sa passe de ferhaaltsjes noch better yn de belibbingswrâld fan de pjut.

It tema fan dit jier slút folslein oan op it tema ‘freonskip’ fan de Taletún, sa’t de Prinsetún fan Kulturele Haadstêd Ljouwert hiel 2018 hjit. Alle pjutten binne wolkom om yn ’e Taletún te boartsjen en mei syn allen op syk te gean nei de freontsjes fan Tomke.

Tomke: ferhaaltsjes foar pjutten, ynformaasje foar grutten.